Trimmen Wy trimme jo hûn allinnich at jo dêr in ôfspraak foar makke ha. Lit jo hûn foardat jo nei Achlum komme goed út yn syn eigen omjouwing, In hûn dy't nei bûten wol, stiet noait rêstich by de trimmer op tafel en fynt de trimbeurt (ten ûnterjochte) ferfelend. Ek yn de winter In besite oan de trimsalon is altyd oan te rieden. Dêr hoege jo net perfoarst in rashûn foar te hawwen, ek in krúsing of in hûn mei koarter hier is fan herte wolkom. De behanneling dy't de hûn krijgt, hinget fan de facht ôf: skeare, úttinje, knippe of waskje. In soad minsken tinke dat de simmer de bêste perioade fan it jier is om de hûn in trimbeurt te jaan. In trimbeurt yn de winter is lykwols like goed. Jo hûn hat yn'e regel mear lêst fan wiet waar as fan kjeld. En omdat it hier fan jo hûn yn de winter langer wiet bliuwt, hat jo hûn (hoe núver dat faaks ek liket) it winters waarmer wannear't it hier wat koarter is. Advys Jo kinne by ús altyd terjochte foar in goed advys oer de fersoarging fan jo hûn. Djoere boarstels binne yn'e regel net nedich. Ienfâldige, goeie en foaral ek goed brûkte materialen binne folle wichtiger. De fersoarging fan de facht is ús deistich wurk en wy wolle jo der graach in advys oer jaan. Dat advys is fergees en frijbliuwend. Ferjit net jo hûn mei te nimmen en it materiaal dat jo brûke om de hûn te fersoargjen. Prizen De prizen yn de kolom hjirneist binne net mear as in yndikaasje. Us ûnderfining leart dat minsken de prizen yn earste ynstânsje oan de hege kant fine. Yn de praktyk falt dat ta, at jo betinke dat der op syn minst in pear oeren oan jo hûn wurke wurdt. Yn fergelyk: de (omrekkene) priis by de 'minske-kapper' is likernôch trije kear sa heech. Ofspraak Ofspraak is ôfspraak. It is fansels altyd mooglik dat jo in ôfspraak net neikomme kinne. At jo de ôfspraak op syn minst 48 oeren yn it foar wer ôfsizze, dan kosset dat neat. Dêrnei bringe wy de kosten foar in part yn rekken. Minsken dy't de ôfspraak sûnder berjocht te dwaan net neikomme, betelje it folsleine taryf. |
Prizen Airdale Terriër Bouvier (pluk) Bouvier (scheer) Cairn Terriër Malteser Leeuw Dwergpoedel Welsh Terriër Oare prizen binne op oanfraach. De prizen dy't hjir neamd binne, binne mar in yndikaasje. Jo kinne der gjin rjochten oan ûntliene. |
€55,00 €70,00 €55,00 €40,00 €36,50 €36,50 €39,00 |
|
Oare fragen Ha jo in wachtlist? Nee, wy hawwe gjin wachtlist. Wy riede jo wol oan om rom yn't foar in ôfspraak te meitsjen. Yn drokke tiden moatte jo rekken hâlde mei in termyn fan trije wiken. Sette jo myn hûn fêst op de trimtafel? Nee. Alle hûnen steane by ús 'los' op tafel. Wurdt myn hûn ferdôve? Nee. Wy bringe gjin hûnen ûnder narkoase. Behannelje jo ek katten? Nee. Katten mei lang hier ha faak lêst fan skimmels. Dy wolle wy bûten de doar fan de trimsalon hâlde. It is om dy reden dat wy katten net mear behannelje. Myn hûn fynt boarsteljen ferfelend. Wat moat ik dwaan? Besykje der in feest fan te meitsjen. At de hûn him keurich hâldt, fertsjinnet er in beleaning. In snoepke of in spultsje docht wûnders. At jo mear witte wolle oer hoe't jo derfoar soargje kinne dat jo hûn nei jo lústert, dan ferwize wy jo nei de webside fan de Hûneskoalle Snits. |
|||