Skiednis Hûnetrimsalon Apollo begûn yn 1989 yn Snits as in ridende trimsalon. It wurkgebiet wie de folsleine provinsje Fryslân. Yn 1991 waard fanwege de grutte drokte in festiging iepene. Dat barde yn Achlum, tichtby de stêden Harns en Frjentsjer. Wy ferbouden in eardere supermerk oan de Doarpsstrjitte en makken der in trimsalon fan. It die bliken dat de romte grut genôch wie om in part yn te rjochtsjen as bistespesjaalsaak. Mei de mobile trimsalon hâlden wy yn 1994 op. Alle wurksemheden fûnen fan doe ôf plak yn Achlum. |
![]() |
| Saakkundich Fansels ha wy de goeie fakdiploma's. Dêrnjonken folgje wy geregeld kursussen. Jo kinne der dus wis fan wêze dat wy jo hûn op in goeie wize trimme en begeliede. Iepeningstiden snein en moandei: ticht tiisdei oant en mei freed: 8.00 - 12.00 en 13.00 - 18.00 sneon: 8.00 - 12.00 De winkel is yn de moannen maaie oant en mei augustus op sneon ticht. De trimsalon is wol iepen. |