Fanút Frjentsjer
Jo geane de stêd út troch by it stasjon it spoar oer te stekken en yn de rjochting fan Ljouwert te riden. By de earste ôfslach geane jo nei rjochts, yn de rjochting fan Achlum. Jo kinne de buorden folgjen bliuwe, oant jo yn Achlum binne. Jo komme dan earst troch Hitsum en dêrnei ride jo Achlum yn. Dêr folgje jo de trochgeande dyk, oant jo de tsjerke foarby binne. Dan geane jo wer nei rjochts en ride jo it doarp yn. Dêr geane jo noch ien kear nei rjochts, de Doarpsstrjitte yn. Nûmer 19 is it tredde gebou oan jo rjochterhân.

Fanút Harns
Jo ride Harns út oer de Kanaalweg of de Oude Trekweg. Jo ride dan al yn de rjochting fan Achlum. Op de trijesprong geane jo linksôf. Dêrnei nimme jo de earste ôfslach nei rjochts en ride jo de Doarpsstrjitte yn. Nûmer 19 is it tredde gebou oan jo rjochterhân.

Fanút Wytmarsum/Arum
Jo ride rjochting Arum en folgje de trochgeande dyk oant jo it doarp wer ferlitte. By de trijesprong geane jo nei rjochts. Jo ride Achlum yn en geane by de trijesprong links. Dizze dyk kinne jo oan de folgje. Dan ride jo rjochtôf de Doarpsstrjitte yn. Nûmer 19 is it tredde gebou oan jo rjochterhân.